Minsken fan 'e wei, jiergong 2024, nûmer 6 (Fryske ferzje)

‘Oan ’e gemeente fan God yn  Korinte,
oan har, dy’t yn Kristus Jezus hillige binne,
dy’t roppen binne om hillich te wêzen
mei al de oaren dy’t allerwegen
de namme fan ús Hear Jezus Kristus oanroppe,
har Hear likegoed as uzes.’
(I Korintiërs 1:2, NFO)

Moatte wy gearwurkje?
Op besite yn gemeenten bringe tsjerkerieden gauris de fraach nei gearwurking op it aljemint. Lokkigernôch is der op dat mêd neat dat moat. Troch diel út te meitsjen fan de Protestantse Tsjerke wurkje wy al gear; it is goed om dêr ek by stil te stean. Mar bytiden wurdt de fraach hiel konkreet, faak as it net mear slagget om selsstannich fierder te gean.
En dan is it meastentiids ek al te let, omdat der eins al gjin enerzjy mear is om dy gearwurking stal te jaan. Dêrom lis ik de fraach dochs mar ris by jim op tafel. En sykjend nei in antwurd begjin ik by de wurden hjirboppe út Paulus syn brief oan 'e gemeente yn Korinte.

Gemeente yn it grutte ferbân
De wurden, dêr't de apostels har brieven mei adressearje jouwe oan, hoe't de tsjerke doe organisearre wie: mei lytse gemeenten dy't selsstannich har wei giene en lykwols yn it leauwe wakker mei inoar ferbûn wiene. Fan Jeruzalim oant Rome kamen der hieltyd mear gemeenten by. Lang om let wiene se sels yn Sleat, Mitselwier en Warkum.

Doarpsgemeente
Pleatslike, lytsskalige, gemeenten hawwe der al ieuwenlang west, mooglik ek yn jo eigen stêd of doarp. It leauwen wurdt mear sichtber as jo dat diele mei de minsken om jo hinne. Fansels, jo hawwe heard fan leauwigen út fiere streken en fan jierren her en jo bouwe fierder op harren wysheid en moed. Mar dochs moatte jo it no dwaan mei de minsken om jo hinne. Dêrmei kriget it leauwen fêstigens yn it deistich libben.  Tagelyk is dan de mienskip fan de leauwigen tichteby.

Identiteitsgemeente
Yn de rin fan de ieuwen ûntstie bûten de pleatslike gemeenten en parochies noch in oare foarm om mienskiplik te leauwen. Minsken dy ’t har net thús fielden yn de tsjerke fan it eigen doarp of fan harren stêd setten in gemeente op mei in eigen identiteit. Sa kamen der frijsinnige, rjochtsinnige, heech en leech liturgyske, yntellektuele en leechdrompelige gemeenten mei skaaimerken sa as ‘efangelisaasje’, ‘modaliteitsgemeente’of noch moaier ‘gemeente mei in smoel’. Ik bin wiis mei dy gemeenten om’t se faak in hiel eigen ferhaal hawwe en dêrmei ûnder wurden bringe kinne wêr’t se foar steane. Se misse de bining mei in doarp of in stêd, mar sette der wat oars tsjinoer.

Regiogemeente
Nochris: de krêft fan de doarpsgemeente leit yn de ferbûnens mei de minsken en it deistich libben. Of moat ik sizze dat dat sa wie? In soad doarpsmienskippen binne noch hiel fitaal; oare doarpen binne foaral in wenstee wurden dêr’t it famylje, wurk en ferieningsferbân fier los fan leit. Somtiden is de tsjerke noch de iennichste maatskiplike spiler op dit mêd. En ek as dy tsjerke al mar lytser wurdt dan komt as fansels de fraach boppe om ek it leauwen mar buten it wenstee te fieren yn in regiogemeente fan in protte doarpem meiïnoar. Ast op ’n paad giest foar dyn boadskippen, dyn wurk en foar ferdivedaasje soe dat ek foar de tsjerke kinne.

Kânsen en risiko's
Doarpsgemeente, identiteitsgemeente en streekgemeente binne oant no ta de basisfoarmen. De doarpsmienskip hat de âldste rjochten, ferbynt leauwen en libben (of libje, wat foar kontekst?) mar rint ek it risiko safier mei yn it doarp op te gean dat it leauwen dreech te besprekken wurdt. De identiteitsmienskip hat dúdlik in eigen lûd, mar kin him dêr ek yn ferlieze en dêrmei it kontakt mei de bûtenwrâld kwyt reistje. De streekgemeente is effisjint troch krêften te bondeljen, mar kin dêrtroch ek wat kleurleas wurde. Mei in mingde foarm kinne jo mooglik kânsen gripe en dochs risiko's foarkomme.

Streekgemeente mei in fokus op de doarpen
As in doarpsgemeente te kwetsber wurden is om selsstannich troch te gean, mar der binne noch grutte kânsen omdat it doarp njonken in wenplak ek noch foaral in mienskip is, dan soe it spitich wêze om gewoan te fusearjen en op te gean yn in streekgemeente. Dat is dan ek net nedich. Jo kinne ek in streekgemeente foarmje dy't it stribjen hat it tsjerklik libben yn de doarpen yn stân te hâlden. De tsjerkeried regelet dan sintraal alles wat sintraal regele wurde kin, mar stelt yn elk doarp in lytse kommisje oan dy't bygelyks soarget foar ûnderlinge pastorale soarch, kontakt mei skoalle en doarpsbelangen, it skjinmeitsjen fan de tsjerke en de wyklikse blommegroet. De sneinsfiering fynt, as der genôch dielname is, plak yn eigen doarp.  En oars kin it om bar plak fine yn ien fan de oare doarpen yn de regio. Dat kin maklik yn de tsjerkeoarder regele wurde sa lang je inoar wat gunne en inoar fertrouwe.

Regionale gemeente mei fariaasje yn identiteit
Jo kinne deselde formule ek tapasse as jo net sa sear ferskate doarpen, mar wol ferskillende foarmen fan godstjinstich belibjen meiinoar ferbine wolle. De grutte, mienskiplike tsjerkeried kin dan beslute oer de saaklike kant fan it ferhaal, wylst lytse kommisjes yn in oekumenyske, evangelyske, konfensjonele of maatskiplik-krityske sfear fieringen organisearje kinne. Dat kin ek yn in de tsjerkeoarder regele wurde. Ek hjir is fan tapassing: ”Sa lang je inoar fertrouwe en inoar wat gunne”.

Doarpsgemeente mei eigen identiteit
Om de list kompleet te meitsjen neam ik ek noch de gemeente mei in dúdlike eigen identiteit dy’t likegoed in dúdlike bining hat mei it doarp of de wyk dêr’t it tsjerkegebou stiet. Of oarsom: in doarpsgemeente dy’t stadichoan in hiel eigen karakter (identiteit) krigen hat.

Wêr steane wy?
It is aardich om ris te besykjen mei inoar út te finen hokker fan de neamde modellen yn jim eigen gemeente werom te finen binne. Nei alle gedachten wol mear as ien, it echte libben is net altiten yn ien model te fangen. Mar de measten fan jimme sille har wol benammen weromfine kinne yn de doarpsgemeente. By guon begjint dit selsbyld lykwols wat te kreakjen omdat de dinamyk yn en mei de omjouwing ferdwynt, en by oaren miskien omdat de eigen groep te kwetsber wurden is. En dan komt as fansels in nij besprekpunt nei foaren.

Wêr wolle wy nei ta?
“Sit net oan wat it goed docht” sei in monteur ris tsjin my, grutkâns net yn de gaten hawwend dat ik by technyske dingen, ek as se it net goed dogge, der leafst mar ôf bliuw. Mar ik pas syn útspraak graach ta op de tsjerke: begjin net mei grutte reorganisaasjes as alles goed rint. Pas as it net mear sa goed giet wurdt it tiid om de koers oan te passen. Foar in soad gemeentes yn ús klassis sil it dan de kant út gean fan in regiogemeente. En ik ha dúdlik meitsje wollen dat dit troch oandacht foar de doarpen of troch rûmte foar identiteit net ûnwerkenber of ûnpersoanlik hoecht te wêzen. Ik ried alle gemeentes oan om sa’n petear oer de koers mar ris mei inoar oan te gean!
 
Moatte wy gearwurkje?
Dêr is noch in kear dy ferfelende fraach en noch hieltyd is it antwurd: nee, wy moatte neat.
Wy kinne der wol fêst oer neitinke. Faaks soe jim gemeente der wol mei holpen wêze. En noch wichtiger: wa wit soe in gemeente by jim yn 'e buert der mei holpen wêze. De fraach nei gearwurking is net allinnich urgint foar kwetsbere gemeenten, mar just ek foar de gemeenten om har hinne. Ik praat dêr graach nochris mei jim oer troch.

Mei groetnis,

dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl)

Sjoch ek de webside: classisfryslan.nl
 
terug